Stúdzjereis East-Fryslân en Noard-Fryslân (juny 2024)
01/07/2024
Fan 24-26 juny 2024 hat DINGtiid in stúdzjereis makke nei East-Fryslân en Noard-Fryslân, yn Dútslân, om yn de kunde te kommen mei oare Fryslannen. De útwiksel fûn plak om kennis en kunde op te dwaan foar ús advysrapport ‘Ta in Lanlike Kennistafel Frysk’ (oanbean oan BZK en Provinsje yn novimber 2024). Fierder wie de stúdzjereis relevant foar de tarieding foar it advysdossier ‘Langetermynambysje mei it Frysk’ (Wurkprogramma 2024-2025).
It wichtichste doel fan de stúdzjereis wie om ynformaasje yn te winnen oer hoe’t oare Fryske/meartalige gebieten oer de grins harren taal- en kennisynfrastrukter ynrjochtsje, hoe’t langetermynfyzje en -ambysjes stal krije en hoe’t dat op polityk en ynstitusjoneel mêd hannen en fuotten krijt.
Taaleftergrûn
Yn East-Fryslân, yn Nedersaksen yn Dútslân wurdt neist it Heechdútsk ek Sealterfrysk en Platdútsk praat. De Dútske taalfarianten wurde sjoen as regionale talen, it Sealtersk as minderheidstaal. Yn Noard-Fryslân, yn Schleswig-Holstein yn Dútslân, bestiet in fjouwertalige situaasje, mei’t it grinzet oan Denemarken. Neist it Heechdútsk prate minsken ek Noardfrysk (ferskillende farianten), Platdútsk en Deensk. Ek hijr is it Noardfrysk de lytste taal, sûnder echt thúslân, lykas it Deensk en de Dútske taalfarianten dat wol ha.
Besites
DINGtiid hat besites brocht oan ferskillende ynstânsjes en praat mei fertsjintwurdigers fan:
- Universität Oldenburg (Sealterfrysk en Platdútsk), Oldenburg
- Seeltersk-Kontoor (Sealtersk), Oldenburg
- Ferring Stifting (Noardfrysk), Föhr
- Nordfriisk Instituut (Noardfrysk), Bredstedt
- Minderheitenbeauftragte fan Schleswig-Holstein, Kiel
- Ministerium für Allgemeine und Berufliche Bildung, Wissenschaft, Forschung und Kultur des Landes Schleswig-Holstein (MBWFK), Kiel
- Studinten fan Christian-Albrechts-Universität (Noardfrysk), Kiel
Observaasjes
- Lykas yn ús Fryslân wurdt ek yn East- en Noard-Fryslân neitocht oer langetermynambysje en -fyzje. Dêrby moat fansels rekken hâlden wurden mei it ferskil yn it oantal sprekkers: it Sealtersk wurdt troch sa’n 1500 minsken praat, it Noardfrysk sa’n 5000.
- De posysje fan it Frysk yn East- en Noard-Fryslân is min te ferlykjen mei ús taalsituaasje, mei troch de sterke keppeling yn taalbeliedskwestjes mei oare regionale Dútske taalfarianten.
- De politike steatsynrjochting fan Dútslân as federale steat en Bundeslander soarget foar in oare oerheidsdynamyk as yn ús Fryslân.
- Yn it ferlingde dêrfan leveret dat ek in opfallende finansieringsstruktuer op, mei in ûnôfhinklik ‘Friesengremium’, in polityk oerlisorgaan op Bundesnivo, dat folle sintralistysker regele is en sels gjin besluten nimt.
- Bûten kiif stiet dat de Fryske taalgebieten in soad oer en wer fan inoar leare kinne. DINGtiid is dêrom foarstanner om jongerein út Noard-Fryslân yn kontakt te bringen mei ús Fryske jongerein (lykas de ‘asega’s, it jongereinpanel fan DINGtiid). Ek soe it goed en learsum wêze as de Noardfriezen nûge wurde om mei in delegaasje in besite oan ús Fryslân te bringen.
Regional dossier North Frisian in Germany (Mercator; 2015, third Edition)