Op de webside fan de Twadde Keamer binne alle petearnotysjes foar it rûnetafelpetear BFTK fan 12 oktober 2023 publisearre.
" />Op tongersdei 12 oktober 2023 fynt in rûnetafelpetear plak fan de fêste keamerkommisje oer de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028. Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid sil ynsprekke op it dossier Rjocht. Neffens DINGtiid is it mûnling Frysk yn de rjochtspraak formeel dan wol regele, yn de praktyk lykwols net.
DINGtiid sil yn syn petearnotysje syn stânpunt taljochtsje oangeande it neifolgjen fan de ferdrachsôfspraken en de nasjonale wetlike regels oer it mûnling gebrûk fan it Frysk yn de rjochtspraak. Boppedat wurde guon konkrete oanrikkemandaasjes dien, wêrby’t DINGtiid in pragmatysk ynstek folget om op koarte termyn te berikken dat Fryske rjochtssikers harren rjocht op it mûnling gebrûk fan it Frysk útoefenje kinne.
Op de webside fan de Twadde Keamer binne alle petearnotysjes foar it rûnetafelpetear BFTK fan 12 oktober 2023 publisearre.