Wat docht DINGtiid?

DINGtiid stiet foar de folgjende ambysjes:

  • it berikken fan in sterke en lykweardige rol foar it Frysk yn syn meartalige kontekst
  • it berikken fan mear helderheid oer de koers fan it Frysk en elkoars rol deryn
  • it berikken fan mear gearwurking
  • it berikken fan in profesjoneel proses rûnom it Frysk
  • it berikken fan de brede mienskip
  • it sykjen nei kânsen dy’t de wet ús biedt

DINGtiid:

  • stiet iepen foar elts dy’t wat fynt fan it Frysk
  • sjocht
  • stelt fragen
  • harket
  • bringt byinoar en ferbynt
  • advisearret
  • dielt kennis
  • trunet oan
  • kreëarret mooglikheden
  • bringt fierder

Wy sjogge it DING as in wichtich middel om dy rol út te oefenjen. It DING dêr’t we minsken yn byinoar bringe om ûnderwerpen mei-inoar te besprekken, te ferdjipjen, kennis te dielen. Dat kin yn in setting mei profesjonals oer in bepaald tema, yn de mienskip om de keukenstafel, wat mar it bêste past by it ûnderwerp. Wy fiede ús mei wat we hearre yn dy DINGen, hifkje, freegje en brûke dat om as DINGtiid ek wer fierder te kommen of advizen formulearje te kinnen.

 


(Bestjoer en stêf fan DINGtiid. Foto: Tryntsje Nauta)