Yn de praktyk hat Outhuijse meimakke hoe belangryk at it is as minsken harren yn de Fryske taal uterje kinne. “As lid fan de beswieradvyskommisje by de provinsje Fryslân fernim ik hoe wichtich it is dat in beswiermakker de taal brûke kin dêr’t er him it bêste yn útdrukke kin.”

Taal fan it hert

Al wennet Outhuijse net mear yn it heitelân, de relaasje mei Fryslân is der altyd. “Ik haw fan natuere in spesjale bân mei de Fryske taal en kultuer. Dat murk ik it meast as ik fier fan hûs wie foar myn promoasjeûndersyk. Dielen fan it jier haw ik trochbrocht yn lannen as Italië, Súd-Afrika, Australië en Fiji. Meastentiids hie ik gjin tiid foar ûnwennigens, mar as ik dat dochs hie, wie it hearlik om Fryske muzyk op te setten, om sa de omjouwing fertroud fiele te litten. Myn favorite CD wie SimmerTime van Simmer2000.” De belutsenheid mei Fryslân is dan ek grut. Neist it bestjoerswurk foar DINGtiid is Outhuijse ek bestjoerslid by de Academie van Franeker.

" />

Juriste Annalies Outhuijse nije bestjoerder DINGtiid

11/05/2021

DINGtiid orgaan foar de Fryske taal, dielt optein mei dat Annalies Outhuijse (Frjentsjer, 1992) fan 1 maaie 2021 ôf oansteld is as nij bestjoerslid. Outhuijse nimt it stokje oer fan Hanny Elzinga, dy’t fan 2014 oant en mei 2020 as juriste oan DINGtiid ferbûn wie.

Annalies Outhuijse wurket sûnt 2019 by advokatekantoar Stibbe yn Amsterdam as bestjoersrjochtlik advokaat mei in spesjalisaasje miljeurjocht. Sy promovearre earder dat jier oan de Ryksuniversiteit Grins en ferdigene har proefskrift yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer.

Outhuijse wol har juridyske ekspertize graach ynsette foar de Fryske taal. “Ik sil ûndersykje en advisearje oer de befoardering fan de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân. Yn de wrâld fan it rjocht is ús wichtichste ynstrumint de taal. Om in folweardich ûnderdiel út te meitsjen fan dat proses fyn ik it wichtich dat elts him útdrukke kin yn de taal fan syn hert. Foar in soad minsken yn Fryslân is dat it Frysk.”