Jan Koster
Foarsitter DINGtiid

Lês hjir it jierferslach 2025 yn it Frysk of yn it Nederlânsk

" />

Jierferslach 2025: “Sûnder doelen kinst ek net skoare”

10/04/2026

As jo net witte wêr’t jo hinne wolle, dan is it ek dreech om in rûte út te stippeljen. Dat heart miskien sa klear as in klûntsje, dochs is it faak in hiele toer om út te finen wêr’t jo nei ta moatte.

Yn ien fan de earste advizen dy’t DINGtiid útbrocht, skreaunen wy dat it setten fan in stip op de hoarizon krúsjaal is foar de takomst fan de Fryske taal. It Frysk hat ferlet fan in stevige koers: it ûntwikkeljen fan in mienskiplik perspektyf en in mienskiplike ambysje foar it Frysk. Goed tsien jier letter beklamje wy yn ús advizen noch altyd dat it markearjen fan in punt dêr’t jo hinne wolle, de basis is. Dat boadskip wurdt hieltyd faker oppakt: der wurde moaie stappen set foar it Frysk.

In pear foarbylden út it ûnderwiis. DINGtiid advisearre, mei ferskate partners, de lêste jierren oer it fersterkjen fan it Frysk yn it mbû. Wy binne dan ek tige wiis mei de oanstelling fan in praktor Frysk. De trochgeande learline is yn 2025 fierder ferstevige yn it heger ûnderwiis mei in minor Friese Journalistiek en Media en in universitêre bachelor oan de Ryksuniversiteit Grins. Oer beide saken hat DINGtiid de lêste jierren advys útbrocht.

Dit jier wie fuotbalferiening Harkemase Boys op De Harkema gasthear foar de DINGtiid-lêzing ‘Fitaal Frysk. Hoe kinst skoare mei taal yn ‘e sport?’ As der ien sport is dy’t ûnderstreket wat DINGtiid altyd advisearret, dan is it wol it fuotbal: sûnder doelen kinst ek net skoare.

Ik winskje jo in soad wille ta by it lêzen fan dit jierferslach!

Jan Koster
Foarsitter DINGtiid

Lês hjir it jierferslach 2025 yn it Frysk of yn it Nederlânsk