Jierferslach 2024
08/04/2025
Yn dit jierferslach sjocht DINGtiid werom op 2024 oan de hân fan de wurksumheden út it Wurkprogramma 2024-2025. In oersjoch fan 2024 yn it koart:
- Omtinken foar 10-jierrich bestean fan DINGtiid (jannewaris 2024)
- Advys ‘Frysktalige sjoernalistyk’ (jannewaris 2024)
- Advys ‘Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028’ (maart 2024)
- Undersyksrapport ‘Ymplemintaasje Europeesk Hânfêst’ (april 2024)
- Stúdzjereis Asega’s nei Wales (maaie/juny 2024)
- Stúdzjereis nei Sealterfryslân en Noard-Fryslân (juny 2024)
- Petear mei BZK-minister Uitermark oer Langetermynambysje mei it Frysk (oktober 2024)
- DINGtiidlêzing ‘Frysk yn ‘e soarch’ (novimber 2024)
- Advys ‘Ta in lanlike kennistafel Frysk’ (novimber 2024)
Lês hjir it jierferslach 2024 yn it Frysk of it Nederlânsk.
