Fryske Akademy

DINGtiid hat op meardere mominten yn 2019 syn soargen utere oer de finansjele noed by de Fryske Akademy. Ek yn it BFTK-advys fan 2018 hat DINGtiid dêr al omtinken foar frege. Yn ferskate petearen mei deputearre Poepjes en deputearre Fokkens-Kelder hat DINGtiid der yn 2019 op wiisd dat der sprake is fan de alderheechste urginsje om aksje te ûndernimmen op dit dossier. (Op 7 novimber 2019 hat Deputearre Steaten bekendmakke dat de provinsje de Fryske Akademy mei 1 miljoen euro stipet.)

Kurrikulum.frl

Yn juny 2019 hat DINGtiid yn in brief oan de provinsje syn soargen utere oangeande it tydlik stopsetten fan it ûntwikkeltrajekt fan de kearndoelen fan it skoalfak Frysk. De provinsje Fryslân sette it trajekt Kurrikulum.frl tydlik stop op 1 april 2019, om’t bliken die dat it trajekt ynhâldlik en finansjeel dochs net binnen de oarspronklike opdracht útfierd wurde koe. DINGtiid tidige der yn de brief op dat de provinsje Fryslân alle war dwaan moast om te soargjen dat it proses fan it fêststellen fan de kearndoelen Frysk gjin fierdere skea oprinne soe troch de fertraging. (Yn maart 2020 hat de provinsje Fryslân oan Cedin de opdracht jûn om de twadde faze fan de ûntwikkeling fan it ûntwikkeltrajekt út te fieren.)

Frysk yn de rjochtspraak

DINGtiid hat yn desimber 2019 mei brieven oan it Gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert en de Rjochtbank Noard-Nederlân oandacht frege foar de posysje fan it Frysk binnen de rjochtspraak, yn it bysûnder yn relaasje ta it brûken fan it Frysk yn de rjochtsseal. Dêrneist waard ek omtinken frege foar it kwetsbere Fryske tolkenetwurk. DINGtiid skreau yn de brief dat it foar Fryskpraters dy’t yn kontakt komme mei de rjochtspraak fan grut belang is dat se ûnbehindere harren taal sprekke kinne yn de rjochtsseal, en dêrta ek pro-aktyf útnûge wurde. Yn de brief stelt DINGtiid dat it gebrûk fan de Fryske taal, yn it bysûnder yn de rjochtsseal, bydrage sil oan de kwaliteit fan de rjochtspraak. (DINGtiid hat oant no ta noch gjin reaksje ûntfongen op de brieven).

Fokus 2020: Advystrajekt Kennisynfrastruktuer Frysk

Yn novimber 2019 organisearre DINGtiid in DINGpetear oer de Kennisynfrastruktuer fan it Frysk as ûnderdiel fan in advystrajekt datoangeande. Belanghawwenden fan sawol maatskiplike as kennis- en ûnderwiisorganisaasjes koenen harren miening en fragen kwyt oer it netwurk fan ûndersyks- en ûnderwiis(stipe)organisaasjes op it mêd fan de Fryske taal. Wurde studinten Frysk goed genôch taret op in karriêre yn de maatskiplike sektor of it ûnderwiis? Wit it fjild de kennissektor goed genôch te finen, en slute de kennisynstellings fan it Frysk optimaal oan by de fraachstikken fan no en aanst? Yn de oanrin nei dat DINGpetear binne petearen fierd mei bestjoerders fan de Afûk, NHL/Stenden, Tresoar en Fryske Akademy, en mei lektors en heechleararen Frysk of meartaligens yn binnen- en bûtenlân. Begjin 2020 hat in rûnetafelpetear oer de Kennisynfrastruktuer mei jonge profesjonals yn dat fjild plakfûn; ek in stúdzjereis fan DINGtiid nei Galisië, ein jannewaris 2020,  stie yn it ramt fan de Kennisynfrastruktuer. De resultaten binne ynput foar in advys oan it ministearje fan BZK, provinsje Fryslân en it fjild, dat neffens ferwachting ein 2020 ree wêze sil.

Jierferslach DINGtiid 2019 Frysk

Reaksje minister Ollongren:

Lês hjir de reaksje fan minister Ollongren op ús jierferslach 2019 (8 maaie 2020)

" />

Jierferslach 2019: DINGtiid beneamt knyppunten en sjocht nije kânsen foar it Frysk

29/04/2020

DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, sjocht mei tefredenheid werom op 2019. In jier dêr’t yngreven ûndersyk yn dien waard foar advys, mar ek mei klam omtinken frege waard foar knyppunten oangeande it Frysk yn wittenskip, ûnderwiis en rjochtspraak.

Advysfragen

DINGtiid wurke yn 2019 oan meardere advysdosssiers. Ien hie te krijen mei it brûken fan it Frysk by gemeenten; de ûndersyksresultaten dêrfan wurde yn 2020 publisearre. Ek fierde DINGtiid in casestudy út nei it brûken fan it Frysk by fiif Ryksútfieringsorganisaasjes, ûnder oaren de Belestingtsjinst en it UWV. Dêrút blykt dat de Ryksútfieringsorganisaasjes bekend binne mei de Wet gebrûk Fryske taal en dus mei de wetlike posysje fan de Fryske taal. Gjin fan de Ryksútfieringsorganisaasjes hat lykwols oangeande it Frysk spesifyk taalbelied opsteld. Yn de deistige praktyk wurdt it Frysk by dizze organisaasjes benammen mûnling brûkt om de boargers sa goed mooglik te betsjinjen. DINGtiid hat op 7 novimber 2019 de foarriedige konklúzjes en oanbefellings oanbean oan minister Knops fan BZK. Ien fan de advizen is om alle Ryksútfieringsorganisaasjes dy’t aktyf binne yn Fryslân of kontakt hawwe mei Fryske boargers, eksplisyt taalbelied foar it Frysk opstelle te litten.

Knyppunten

DINGtiid hat ek op knyppunten oangeande it Frysk wiisd: