brief oan Deputearre Steaten.

Reaksje
Deputearre Steaten hawwe yn in skriftlike reaksje (10 oktober 2022) witte litten dat de krekte ynfolling fan de besunigings noch net bepaald binne, om’t hja earst mei it Fryske fjild yn petear gean wolle.

Yn oanrin nei it steatedebat oer de begrutting fan 2023 hat DINGtiid yn in brief  (31 oktober 2022) ek oan de fraksjes fan Provinsjale Steaten syn soargen utere oer de oankundige besunigings.

Ferfolgens hat DINGtiid dêroer yn novimber 2022 by de byldfoarmjende steatekommisje fan Provinsje Fryslân ynsprutsen.

" />

DINGtiid uteret soargen oer besunigings

21/07/2022

Yn juny 2022 hawwe Deputearre Steaten grutskalige besunigings fan 2025 ôf oankundige. Foar Fryske taal en kultuer giet it om 1,6 miljoen it jier op strukturele middels, dy’t no 10,3 miljoen berinne.

DINGtiid tidiget derop dat Deputearre Steaten taljochtsje hoe’t hja tinke de besunigings útfiere te kinnen sûnder de takomst fan de taal skea te dwaan, en mei dy taljochting net te wachtsjen oant it steatedebat oer de begrutting foar 2023, it jier dêr’t Ryk en Provinsje in nije BFTK yn ûntwerpe sille, foar de perioade 2024-2028.

Op 22 july 2022 utere DINGtiid syn soargen yn in brief oan Deputearre Steaten.