Brief DINGtiid oan Twadde Keamer (17 -06-2025) " />

DINGtiid ropt Twadde Keamer op Frysk taalbelied net as kontroversjeel te beskôgjen

17/06/2025

DINGtiid, it offisjele advysorgaan foar de Fryske taal, freget de Twadde Keamer om it Frysk taalbelied net as kontroversjeel te bestimpeljen, no’t it kabinet demisjonêr is.

Yn in brief oan de Keamerfraksjes stelt DINGtiid dat der gjin polityk skeel is oer de kearn fan it Frysk taalbelied en dat fuortsetting fan rinnende beliedsdossiers essinsjeel is. It advysorgaan ferwiist ûnder mear nei resinte en rinnende advizen oer de Lanlike Kennistafel Frysk, it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK), en in ferdjipjend ûndersyk nei it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis.

Neffens DINGtiid binne dizze dossiers fan grut belang foar de posysje fan de Fryske taal en meie se gjin fertraging oprinne fanwege de demisjonêre status fan it kabinet. De Keamer beslút ynkoarten hokker ûnderwerpen kontroversjeel ferklearre wurde en dus op de planke lizzen bliuwe ta in nij kabinet.