online oanmeldformulier.
" />Op sneon 5 novimber 2022 is it presys 30 jier lyn dat Nederlân it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ûndertekene hat. It Europeesk Hânfêst is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte. Mar is dat fûnemint driuwsân of in dûnsflier?
Earste DINGtiid-lêzing
DINGtiid-foarsitter Jan Koster: “Neist út wetlike advystaak wolle wy ek graach de maatskiplike diskusje oer de Fryske taal befoarderje. Us DINGtiid-lêzing is in goede gelegenheid om minsken jierliks by elkoar te bringen en harren oer de takomst fan it Frysk diskusearje te litten.”
Bestjoerskundige Heinrich Winter oer takomstbestindigens Europeesk Hânfêst
Prof. dr. Heinrich Winter (Fakulteit Rjochtsgeleardheid, Ryksuniversiteit Grins) analysearret de takomstbestindigens en de stevichheid fan it Europeesk Hânfêst. Hat dat nei 30 jier noch genôch besteansrjocht as ynstrumint ta beskerming en befoardering fan de Fryske taal?
Underwiisekspert Albert Walsweer oer de ûnderwiispraktyk
Undersiker dr. Albert Walsweer (Lektoraat Meartaligens & Skriftlike Taalbehearsking, NHL Stenden) reagearret op de lêzing fan Heinrich Winter. Hy giet neier yn op de wurking fan it Europeesk Hânfêst yn de ûnderwiispraktyk.
Programma
DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, hjit jo op sneon 5 novimber 2022 om 10.00 oere fan herte wolkom op de DINGtiid-lêzing yn Grand Café De Koperen Tuin (Prinsentuin 1 yn Ljouwert). It programma begjint om 10.30 oere. Wy slute om 12.30 oere ôf mei in lunsj.
Oanmelde
Wy sjogge jo oanmelding graach foar freed 28 oktober 2022 yn ‘e mjitte fia ús online oanmeldformulier.