Nynke Boonstra is heechlearaar Ferplegingswittenskip yn ‘e GGZ (UMCU), lektor Soarch & Ynnovaasje yn de psychiatry (NHL Stenden), en direkteur Soarch en  ferpleechkundich spesjalist by KieN. Se ûndersiket en ûntwikkelet metoaden om de soarch foar minsken mei psychyske kwetsberens te ferbetterjen.

Sjoerd Steegstra folge de oplieding ‘Ervaringsdeskundige in de zorg en welzijn’ oan NHL Stenden. Hy wurket as jeugdkonsulent foar  gemeente Noardeast-Fryslân en is aktyf as selsstannich coach en adviseur by De Herstelfries. As tiener ûndergie hy ferskate GGZ-trajekten. Mei syn ûnderfining helpt er oaren. Wat betsjut it Frysk foar syn wurk?

Thomas Müller is urolooch yn sikehûs Nij Smellinghe. Hy groeide op yn Dútslân. Foar syn wurk yn Drachten ferdjippe er him yn de Fryske taal en kultuer. Frysktalige pasjinten nûget er út om Frysk te praten. Wat leveret him dat op?

Annemieke Hofs is klinysk psycholooch yn sikehûs Nij Smellinghe en trainer fan it resint opsette programma ‘Noflike Taal’. Se leart soarchprofessionals hoe’t sy mei ynset fan tûke kommunikaasje pasjinten better op harren gemak stelle kinne. Hokker rol spilet taalkar dêryn?

" />

DINGtiid-lêzing 2024 ‘Frysk yn ‘e soarch’

04/10/2024

Hoe kinne it Frysk en oare regionale talen de kwaliteit fan de soarch befoarderje? Wat betsjut it foar de pasjint en wat foar de organisaasje? Oer dat tema hat DINGtiid, it Ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, op sneon 9 novimber 2024 in lêzing organisearre mei paneldiskusje. Sprekkers wienen Nynke Boonstra, Thomas Müller en Annemieke Hofs. Ynkoarten ferskine hjir sfearympresjes (fideo mei ûndertiteling en NGT-tolk).

Oer de sprekkers