Advys oan OCW (7 novimber 2023)

" />

Advysbrief: ‘Nim Fryske taal op yn Wet internationalisering Onderwijs’

07/11/2023

Yn in advysbrief oan it ministearje fan OCW hat DINGtiid ûnderstreke dat ek de Fryske taal opnommen wurde moatte soe yn de ‘Wet Internationalisering in balans’ foar it heger ûnderwiis.

De winsk foar dy wet is ûntstien troch de diskusje oer de ynternasjonalisearring fan it heger ûnderwiis. De Nederlânske taal stiet ûnder druk as ynstruksjetaal om’t in soad opliedingen kolleezjes yn it Ingelsk oanbiede. Yn ús advys wurdt steld dat de Fryske taal neist de Nederlânske taal opnommen wurde moat yn de wet – of yn de preambule – wannear’t it giet om ûnderwiis yn de provinsje Fryslân of om ûnderwiisynstellingen mei in learstoel, lektoraat of praktoraat liearre oan de Fryske taal.

Advys oan OCW (7 novimber 2023)