
“Utpykte Frysktalige AI-agents nimme Fryslân oer”. It soe samar it spannende plot wêze kinne fan in nije crime fantasyroman: trije Frysktalige AI-agents ûntsnappe út harren digitale systemen en besykje Fryslân te besetten. Wylst der in grutte stoarm oer Fryslân giet, anneksearje de AI-agents it bestjoeringssysteem fan it Woudagemaal. It wetter kin net mear fuortspuid wurde en Fryslân driget kopke ûnder te gean.
Sa’n hiel nuver fantasijferhaal is boppesteande trouwens net iens. Elon Musk en oare AI-bazen slaan op it stuit grut alarm: it ûntwikkelingstempo fan keunstmjittige yntelliginsje-systemen giet nammentlik fierstente te hurd. Ferskate techgiganten hâlde harren hert fêst: se binne benaud dat AI ús yn in eksistinsjele krisis bringe sil. Autonome AI-systemen kinne de toutsjes yn hannen krije en de minsk bûten spul sette.
Musk en syn AI-kollega’s roppe dêrom op om de ûntwikkeling fan AI-modellen te fertraagjen, feilichheidsmaatregelen yn te bouwen en ynternasjonale ôfspraken te meitsjen om AI feilich fierder te ûntwikkeljen. De fraach nei persoanlike yntelliginsje (PI) by AI is op dit stuit grutter as ea.
AI krijt dus hieltyd mear fuotten oan ‘e grûn. Dat wie, in jier foar dizze AI-alarmearring, foar ús reden om ús jierlikse DINGtiid-lêzing oan dit tema op te hingjen. Fryslân feroaret op sawol demografysk as op talich gebiet. Wat binne de bedrigingen, mar ek de kânsen fan AI foar de Fryske taal?
It is fansels net de earste kear dat it Frysk en ek oare lytse (minderheids)talen foar grutte digitale útdagingen stean. Fan de earste Fryske staveringskontrôle en digitale wurdboeken oant Fryske websiden, ûndertiteling, oersetsystemen en taaltechnology yn ûnderwiis en ûndersyk: hieltyd wer hat de Fryske taal nije technology him eigen makke.
AI is lykwols fan in hiel oar sjapiter. It kin helpe by oersettingen, spraakwerkenning en tekstgeneraasje. It makket kennis oer de Fryske taal en kultuer tagonklik. Mar it ropt ek fragen op oer de kwaliteit en betrouberens fan dy ynformaasje. Dêr wolle wy it op ús DINGtiid-lêzing graach oer hawwe. Mei saakkundigen fan Planbureau Fryslân, NHL-Stenden en de RUG. Mar ek mei beliedsmakkers en boargers. Hoe soargje we derfoar dat it Frysk net allinnich in rike skiednis hat, mar ek meidocht yn in nij digitaal tiidrek?
Opjaan DINGtiid-lêzing
De fyfde DINGtiid-lêzing fynt plak op sneon 7 novimber op ‘e Lemmer. In bysûndere lokaasje mei it ir. D.F. Woudagemaal. Al mear as in iuw is dat in fertroud en symboalysk plak yn Fryslân, dêr’t technyk, skiednis, foarútgong en aktualiteit byinoarkomme. Dit slút moai oan by it tema: ‘Frysk op stoom. Meibewege mei AI en demografyske feroarings – of efterbliuwe?’
Ynrin fan de lêzing is om 09.30 oere en wy begjinne om 10.00 oere. It programma slút om 12.30 oere ôf mei in (opsjonele) lunsj. Nei ôfrin is it ek noch mooglik om in rûnlieding troch it Woudagemaal te krijen.
Dielname is fergees, mar oanmelde is wol nedich. Fierdere ynformaasje en oanmelde: sjoch op ús website.
