" />

Gedicht ‘Memmetaal (in briefke)’ fan Arjan Hut

21/02/2024

Arjan Hut, dy’t ek Dichter fan Fryslân is, skreau spesjaal foar it 10-jierrich bestean fan DINGtiid it gedicht ‘Memmetaal (in briefke)’. Hjoed op de ynternasjonale dei fan de memmetaal diele wy dat gedicht. 

Memmetaal (in briefke)

Memmetaal, ik skriuw dy, yn dyn eigen wurden, foardat ik my deljou, krekt as dy, sa’t skynt. Ik ha heard, do leist dwyl op bêd, stimmen om dy hinne, skimmen yn de keamer. Immen set it finster iepen, miskien slacht skielk it waar wol om.

Fan ús mem krige ik in briefke mei wurden fan har heit, wurden dy’t er sei, op syn eigen wize. It hat jierren njonken de laptop lein en ik soe der wat fan meitsje ommers, in gedicht, wat nijs. De poëzy fan it ferdwinen.

Pake syn wurden, mei in ballpoint skreaun, yn it swart, op de achterkant fan de kalinder, wike 45, novimber. Lykas ‘ik ha my fergriemt’.  Op de kop ek noch, de taal efterstebek, werom yn de tiid. Hast wie ik it kwyt, it briefke, ja, en ek mysels, ik yn de taal, de taal yn my.

Memmetaal, wat bisto oars as in ferske songen fan de wyn?

Koe ik de earms mar om dy hinne slaan en hâld dy beet.

Memmetaal, wêrom is it sa faak nacht yn dyn gedichten?

No komt de jongste thús, sûnder sjaal en sûnder mûtse (want kapsel) en klaget oer de kâh. Kjeld, rop ik, kjeld! Is it yn in lytse taal dan altyd winter? Binne lûden tear as snie? Harkje, nee, it spielt.

Warskynlik wit net ien mear wa’t de earste sprekker wie, mar ik hear ek jonge taal, wurden sa’t dy’t pake nea sein hat: 

Ynbringwinkel. Glêstried. Sûkerpoes.

Safolle wurden.

Alle tongen binne unyk.

In sprekker sa as my.

Memmetaal, ik praat werom!

Sjong mei myn tonge fan seewyn de wrâld op ‘e nij.

Memmetaal, hearst my wol? It mei, it mei!