Popkema nije beliedsadviseur DINGtiid

04/12/2017

It bestjoer fan DINGtiid, it orgaan foar de Fryske taal, is tige optein om Anne Tjerk Popkema foar te stellen as ús nije beliedsadviseur. Fan 1 desimber 2017 ôf fersterket hy as zzp’er ús team. 

Popkema (Burgum, 1975) wennet en wurket yn Grins. As dosint Aldfrysk is hy ferbûn oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Fierder docht hy út namme fan Taalburo Popkema ferskate wurksumheden as oersetter, ûndersiker en projektkoördinator. Fierder is Popkema ien fan de driuwende krêften efter Utjouwerij Regaad. Earder wurke Popkema as wittenskiplik meiwurker by de Fryske Akademy yn Ljouwert en de Dútske universiteit Kiel.

Popkema studearre Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit yn Grins. ,,Dat it Frysk en it Nederlânsk wíer lykweardich behannele wurde sille, troch sawol boargers, bedriuwen as oerheden, dat is myn ideaal.”

Anne Tjerk Popkema wurket yn it team fan DINGtiid gear mei Tjallien Kalsbeek (sekretariaat, bestjoersstipe) en Froukje Sijtsma (kommunikaasje).

It bestjoer fan DINGtiid bestiet út Klaas Sietse Spoelstra (foarsitter), Tytsy Willemsma (vice-foarsitter), Freddy Weima, Hanny Elzinga en Bianca Pander.