DINGtiid en de Taalwet

De Wet gebrûk Fryske taal, dy’t op 1 jannewaris 2014 fan krêft wurden is, regelet it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik en rjochtsferkear. Haadstik 4 fan de Taalwet bepaalt dat der in orgaan foar de Fryske taal is, dat as taak hat om de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. Dat orgaan hjit DINGtiid.

Taakopfetting en wurkwize
DINGtiid ferfollet syn wetlike taak troch te rapportearjen oer de behoeften en winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn relaasje ta de Wet gebrûk Fryske taal en ek ta it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dêrby rapportearret DINGtiid oan oerheden, bestjoersorganen en rjochterlike ynstânsjes, foar safier’t dy yn de provinsje Fryslân fêstige binne of oars de provinsje Fryslân as wurkgebiet hawwe.

Fierder advisearret DINGtiid oan de minister fan Ynlânske Saken (BZK) en oan Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân oer it tastânkommen en de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) en de útfieringskonvenanten, en biedt se stipe by it opstellen fan regels en beliedsplannen, lykas bedoeld yn art. 5 en 6 fan de Wet gebrûk Fryske taal.