Fakatuere: Bestjoerslid DINGtiid (m/f)

24/03/2020

It bestjoer fan DINGtiid nûget jo út om jo belangstelling kenber te meitsjen foar de fakatuere fan bestjoerslid fan DINGtiid. DINGtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal en hat, sa’t yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014) stiet, as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen.

DINGtiid docht dat ûnder oaren troch frege en net-frege te advisearjen en troch te sinjalearjen omtrint ûntjouwingen oangeande de Fryske taal. It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk fan de fiif leden hat har of syn eigen portefúlje (ûnder oaren gebrûk fan Frysk yn de media, rjocht, ûnderwiis, kultuer en bestjoerlik ferkear). Der ûntstiet in fakatuere troch it tuskentiids tebekstappen fan ien fan de bestjoersleden.

BESTJOERSLID ADVYSORGAAN FOAR DE FRYSKE TAAL DINGTIID m/f
(portefúlje Fryske taal en kultuer)

Jo profyl

  • Fan jo wurdt ferwachte dat jo in wichtige bydrage leverje kinne oan de ûnôfhinklike advysrol fan DINGtiid oangeande de Fryske taal en kultuer.
  • Jo ha in grut hert foar de Fryske taal en kultuer, en ha yn alle gefallen de taal mûnling aktyf en skriftlik passyf yn de macht.Jo ha oantoanbere ûnderfining mei de Fryske taal en kultuer.
  • Jo ha in goed gefoel foar polityk-bestjoerlike ferhâldingen; polityk-bestjoerlike ûnderfining tsjinnet ta oanbefelling.
  • Jo begripe wat der spilet yn Fryslân, en kenne it paad yn/nei de Fryske bestjoerlike wrâld en it maatskiplik fjild.
  • Jo hawwe ideeën en fisy oangeande de takomst fan it Frysk.
  • Jo binne tagonklik en wenje by foarkar yn de provinsje Fryslân of binne yn alle gefallen ree om geregeldwei nei de provinsje ôf te reizgjen.
  • Jo wurde beneamd op persoanlike titel en hannelje as lid fan DINGtiid net út namme fan (belange)organisaasjes dêr’t jo oan ferbûn binne.

Ynteresse?

Foar mear ynformaasje oer de funksje kinne jo kontakt opnimme mei de hjoeddeiske foarsitter fan DINGtiid, de hear Jan Koster, telefoan 06 20967266. Mear ynformaasje is te finen op www.dingtiid.frl.

Brief en curriculum vitae moatte fóár 13 april opstjoerd wêze nei:

DINGtiid
Westersingel 4
Keamer 3.01
8913 CK Ljouwert

Jo kinne jo brief ek per e-mail stjoere nei: bestjoer@dingtiid.frl

Akwisysje n.o.f. dizze advertinsje wurdt gjin priis op steld.