It bestjoer fan DINGtiid nûget jo út om jo belangstelling kenber te meitsjen foar de fakatuere fan bestjoerslid fan DINGtiid. DINGtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal en hat, sa’t yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014) stiet, as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen.
DINGtiid docht dat ûnder oaren troch frege en net-frege te advisearjen en troch te sinjalearjen omtrint ûntjouwingen oangeande de Fryske taal. It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk fan de fiif leden hat har of syn eigen portefúlje (ûnder oaren gebrûk fan Frysk yn de media, rjocht, ûnderwiis, kultuer en bestjoerlik ferkear). Der ûntstiet in fakatuere troch it tuskentiids tebekstappen fan ien fan de bestjoersleden. Yn de proseduere wurdt rekken hâlden mei de ferhâldingen binnen it bestjoer.
Foar mear ynformaasje oer de funksje kinne jo kontakt opnimme mei de hjoeddeiske foarsitter fan DINGtiid, de hear Jan Koster, telefoan 06 20967266.
Brief en curriculum vitae moatte fóár 18 jannewaris 2021 opstjoerd wêze nei:
DINGtiid
Westersingel 4
Keamer 0.11
8913 CK Ljouwert
Jo kinne jo brief ek per e-mail stjoere nei: bestjoer@dingtiid.frl
Akwisysje n.o.f. dizze advertinsje wurdt gjin priis op steld.