Fakatuere Beliedsadviseur DINGtiid (ZZP’er)

27/09/2017

Foar DINGtiid, it Orgaan foar de Fryske taal, sykje wy in beliedsadviseur Fryske taal (ZZP’er)

Dyn rol as beliedsadviseur Fryske taal
As beliedsadviseur hasto each foar de (ûnderskate) belangen wat de Fryske taal oanbelanget en fielsto oan oft guon saken mear of minder gefoelich lizze yn de Fryske mienskip. Do bist goed op de hichte fan de aktualiteit oangeande de Fryske taal yn de ferskate bestjoerslagen (ûnder oaren Ryk, provinsje en gemeenten). Fierder kinsto helder formulearje wat de aktuele situaasje is en it bestjoer fan DINGtiid dêryn advisearje troch harren ferskate senario’s foar te lizzen. Boppedat stipesto it bestjoer ek troch it skriuwen fan ynhâldlike beliedsnotysjes. Wichtige tema’s foar DINGtiid binne it Frysk yn it algemien, en yn it bysûnder Frysk yn ûnderwiis, kultuer en rjochtspraak.

Funksje-easken

  • Behearskjen fan it Frysk yn wurd en skrift
  • Oantoanber hbû/wû wurk- en tinknivo
  • Underfining op it mêd fan beliedsûntwikkeling yn kombinaasje mei de Fryske taal en kultuer
  • Polityk-bestjoerlik sensityf
  • Underfining mei it skriuwen fan (belieds)notysjes en -advizen
  • Grut netwurk wat de Fryske taal oanbelanget
  • Ree om yn de jûnsoeren gearkomsten by te wenjen

Arbeidsbetingsten

  • Do wurkest selsstannich, en tagelyk hast geregeld kontakt mei it sekretariaat fan DINGtiid
  • Romte om sels dyn wurk yn te dielen
  • Op tiisdeis en tongersdeis kin der gebrûk makke wurde fan in wurkromte yn Ljouwert
  • Oeretaryf yn oerlis, foar 1-2 dagen de wike. Op guon mominten kin dat mear wêze

DINGtiid
De Wet gebruik Friese taal is op 1 jannewaris 2014 yngien. Dy wet regelet it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik en rjochtsferkear. Yn dy wet stiet dat der in Orgaan foar de Fryske taal (hjirfoar is de namme DINGtiid keazen) is, dat as taak hat om de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. DINGtiid docht dat troch sinjalearjen en advisearjen, mar sjocht syn taak ek breder.

It bestjoer fan DINGtiid bestiet út 5 persoanen. Foar it wurk fan DINGtiid wurdt gebrûk makke fan freelance meiwurkers en adviseurs. De beliedsadviseur sil nau gearwurkje mei de sekretariaatsmeiwurker en de kommunikaasjemeiwurker.

Sollisitaasjeproseduere
Stjoer dyn brief mei cv foar 10 oktober 2017 nei ynfo@dingtiid.frl.

Foar fragen kinst telâne by it sekretariaat, Tjallien Kalsbeek, ynfo@dingtiid.frl of 06-53137982.

Foar mear ynformaasje oer DINGtiid, sjoch op www.dingtiid.frl

Akwisysje wurdt net op priis steld!

 

Fakatuere beliedsadviseur by DINGtiid – Orgaan foar de Fryske taal