Venster sluiten

Oer Dingtiid

 
 

Wat is Dingtiid?

Dingtiid is de namme fan it Orgaan foar de Fryske taal.

Wetlike opdracht

De wet Gebruik Friese taal is op 1 jannewaris 2014 yn gien. Dy wet regelt it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik en rjochtsferkear. Yn dy wet stiet dat der in Orgaan foar de Fryske taal is dat as taak hat en befoarderje de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân. DINGtiid docht dat troch advisearje en sinjalearjen, mar sjocht syn taak ek breder.

De namme DINGtiid

In DING is in histoarysk begryp. Yn in DING waarden eartiids minsken by elkoar brocht om mei elkoar te praten oer in ûnderwerp. Alle partijen diene har ferhaal en oan de ein fan it proses die de rjochter in útstel oan alle oanwêzigen. Dat waard oannommen of fersmiten.

DINGtiid organisearret regelmjittich DINGEN oer aktuele saken of ûnderwerpen dy’t fierder ûndersocht wurde kinne of moatte.

Mear ynformaasje oer histoarysk ding.

Wa binne Dingtiid?

Klaas Sietse Spoelstra, foarsitter
strategysk inisjator en adviseur út syn eigen buro Nij-Sicht wei.

Tytsy Willemsma, fise-foarsitter
lobbyist foar Noard-Nederlân yn Brussel

Hanny Elzinga
Dean fan it Honours College fan de Ryksuniversiteit Grins

Bianca Pander
direkteur fan kampanjeburo BKB, inisjator en finansjeel direkteur fan Welcome to the Village festival en inisjator en projektmanager fan de Nacht van Kunst en Wetenschap yn Grins

Freddy Weima
Director-general fan Nuffic

Klaas-Sietse Spoelstra, foarsitter

Strategysk inisjator en adviseur út syn eigen buro Nij-Sicht wei.

LinkedIN
Twitter
Webside

Tytsy Willemsma, fise-foarsitter

Lobbyist foar Noard-Nederlân yn Brussel.

Freddy Weima

Director-general fan Nuffic

Hanny Elzinga

Dean fan it Honours College fan de Ryksuniversiteit Grins.

Bianca Pander

Direkteur fan kampanjeburo BKB, inisjator en finansjeel direkteur fan Welcome to the Village festival en inisjator en projektmanager fan de Nacht van Kunst en Wetenschap yn Grins

Wat docht Dingtiid?

DINGtiid stiet foar de folgjende ambysjes:

  • it berikken fan een sterke en lykweardige rol foar it Frysk yn syn meartalige kontekst
  • it berikken fan mear helderheid oer de koers fan it Frysk en elkoars rol deryn
  • it berikken fan mear gearwurking
  • it berikken fan in profesjoneel proses rûnom it Frysk
  • it berikken fan de brede mienskip
  • it sykjen nei kansen dy’t de wet ús biedt

DINGtiid:

  • siet iepen foar elts dy’t wat fynt fan it Frysk
  • sjocht
  • stelt fragen
  • harket
  • bringt byinoar en ferbynt
  • advisearret
  • dielt kennis
  • trunet oan
  • kreëarret mooglikheden
  • bringt fierder

Wy sjogge it DING as in wichtich middel om dy rol út te oefenjen. It DING dêr’t we minsken yn byinoar bringe om ûnderwerpen meiinoar te besprekken, te ferdjipjen, kennis te dielen. Dat kin yn in setting mei professionals oer in bepaald tema, yn de mienskip om de keukenstafel, wat mar it beste past by it ûnderwerp. Wy fiede ús mei wat we hearre yn dy DINGen, hifkje, freegje en brûke dat om as DINGtiid ek wer fierder te kommen of advizen formulearje te kinnen.